Bemanning marineskip siket nei konteners: "Zeebodem in kaart brengen"

18 jan 2019 - 20:45

Fanwegen hurde wyn en hege weagen wie it dagen wachtsjen op it begjin fan de bergingsoperaasje yn it Waadgebiet. Freed is it lang om let úteinset en de marine is ek ynskeakele om mei te sykjen nei de konteners dy't yn de nacht fan 1 op 2 jannewaris fan in frachtskip ôf foelen. It marineskip Luymes fart boppe It Amelân. "We brengen vooral het gebied in kaart, of er ergens anders ook nog containers liggen", seit kommandant Jeroen Lokerse.

Foto: Wikimedia Commons

"We maken gebruik van twee sonars. Met een 'multibeam-sonar' brengen we de zeebodem in kaart en met de 'sidescan-sonar' detecteren we contacten op de zeebomen", seit Lokerse.

De Luymes hat 25 bemanningsleden. Normaal dogge se wurk dat hjirop liket. "Dan brengen we de zeebodem ook in kaart. Onze info wordt dan verwerkt in de kaarten van de zee."

Lokerse hat der wol fertrouwen yn dat de bergingsoperaasje fertuten docht. "Ik denk dat er een heleboel containers teruggevonden kunnen worden. We moeten goed blijven zoeken."

Oare wike freed nimme oare skippen it wurk oer fan de Luymes.

Ien fan de grutste kontenerskippen yn de wrâld, de MSC Zoe út Panama, hat yn de nacht fan 1 op 2 jannewaris 2019 mear as 290 konteners ferlern. Dat barde krekt boppe it Dútske eilân Borkum. Troch de hurde wyn binne de konteners nei de Fryske Waadeilannen dreaun. Al it nijs oer de kontenerramp is te finen op de dossierside.

(Advertinsje)
(Advertinsje)