Ek kommende trije jier alternative Alvestêdetocht op de Weissensee

18 jan 2019 - 19:18

Reedrydbûn KNSB hat foar de kommende trije jier in gearwurkingskontrakt ôfsletten mei de alternative Alvestêdetocht op de Weissensee yn Eastenryk. Dat betsjut dat der yn elts gefal oant en mei de winter fan 2022 reedrydwedstriden hâlden wurde op de berchmar.

Foto: ANP

Al sûnt 1989 stean de wedstriden op de Weissensee op it programma fan de Nederlânske reedrydwrâld. Fan takom wike ôf wurde der opnij fjouwer wedstriden op de berchmar ferriden. Oan de ein komt dan fansels de alternative Alvestêdetocht oer 200 kilometer, op 30 jannewaris.

Yn Eastenryk binne de tariedingen foar de wedstriden op natueriis yntusken yn folle gong.

(advertinsje)
(advertinsje)