FIDEO: Bruinja is Dichter des Vaderlands: "In eare en in ferantwurdlikheid"

18 jan 2019 - 18:46

No't Tsead Bruinja fan Rinsumageast de nije Dichter des Vaderlands is, fielt er mear druk. "Ik fyn it absolút in eare en in ferantwurdlikheid", sei er yn Amsterdam, wêr't er no wennet. "En in druk, want alle dichters sjogge no mei myn gedichten mei."

Bruinja groeide op yn Damwâld en Kollum, mar fielt him no thús yn Amsterdam. Dêr hat er wol syn uterlik oanpast: Bruinja hat no in bosk hier, wylst er mei syn stúdzjetiid yn Grins noch keal wie. "Dêr yn Grins ha ik myn earste stappen set op it literêre paad. De dichters dêr wiene Dichters uit Epibreren, Bart FM Droog, Tjitse Hofman en letter Daniël Dee. Dy hiene allegear de kop keal, swarte klean oan, kistkes. Dat wie de tiid. Ik tocht: ik wurd keal, want ús heit wie ek betiid keal. Dus ik maaide it derôf, de tondeuze deryn set. It wie ek hiel noflik, mar no groeit it wer."

Aktuele ferzen

De boppeste ferdjipping fan syn appartemint yn Amsterdam is wêr't Bruinja skriuwt. As Dichter des Vaderlands mei er no te set mei aktuele ferzen foar in grut publyk. En dy gedichten geane oer de aktualiteit. "Dus moatst faak fluch skriuwe. De iene kear slagget dat better as de oare kear. It is net itselde as in fers dêr'tst hiel lang oan sitte kinst."

"De krityske blik fan myn kollega's fiel ik wol. Mar dat is allinnich mar goed, want dy krityske blik ha ik sels ek."

Bruinja sil dichtsje oer diversiteit en oer de wrakseling fan de polityk mei klimaatferoaring.

Wikseltonge

Yn Amsterdam droech Bruinja ek syn gedicht Wikseltonge yn twa talen foar. Dat gedicht skreau er foar de deadebetinking yn Dokkum.

(advertinsje)