Mear wurkgelegenheid en miljeuwinst troch biologyske lânbou
Biologyske lânbou smyt mear wurkgelegenheid en miljeuwinst op as de tradisjonele lânbou. Dat docht bliken út it rapport 'Bio-kansen in Noord Nederland'. De provinsjes Fryslân, Grinslân en Drinte joegen ûndersyksburo Avalon de opdracht te sjen hoefolle oft in wiidweidige omskeakeling nei biologyske lânbou kostje soe.
Neffens it rapport smyt de biologyske lânbou sa'n twa persint mear wurkgelegenheid op. Ek soarget it oer it algemien foar in skjinner miljeu.
Noardlike oanpak
De trije noardlike deputearren, Johannes Kramer, Henk Staghouwer en Henk Jumelet, sjogge yn it rapport oanknopingspunten foar in noardlike lânbouoanpak. It jout harren fertrouwen om fierder te gean mei it stimulearjen fan de biologyske lânbou.