"Lange winterperioade komt deroan, mei kâns op moai stikje swart iis"

Hoe sit it no mei it waar? Komt dy winter dan no einliks? Dit wykein komme de temperatueren nachts aardich ûnder nul. Mar sil de kjeld ek trochsette? By in soad minsken bûten Fryslân falt by in pear dagen froast al gau it 'E-woord', oftewol de Alvestêdetocht. Mar soe it echt al safier wêze?
© Kappers Media
Neffens waarman Piet Paulusma geane we rjochting in lange winterperioade. "Der sit wolris even in dip yn, der kin snie komme. Mar der kin ek prachtich iis komme, want de kommende nachten ha we rêstich waar mei matige froast. Dan komt der dochs in moai stikje swart iis yn te lizzen."

Glêdens en autoruten skrabje

Freed wie de temperatuer oerdeis noch fier boppe nul, sa'n 5 graden, mar freedtenacht begjint dan dochs dy perioade mei it winterwaar. "Dan ha we it oer -3 graden, miskien -4, mar dan moat it lang opklearje. Der is wat bewolking. De wyn is swak oant matich súd-súdeast en stadichoan east-súdeast", sa seit Paulusma. Neffens him is der ek kâns op glêdens en is it wer tiid om autoruten te skrabjen.
Froast © Shutterstock.com
Sneon leit de temperatuer oerdeis 2 graden boppe nul. Der stiet in matige oant frij krêftige súdeastewyn en dêrtroch sil neffens Paulusma de gefoelstemperatuer útkomme om de -2 of -3 hinne. "Dan ha we it úteinlik al oer in winterwaarstype." De nacht folget mei matige froast en flink helder waar, wêrtroch't it -6 graden wurde kin. Snein +1 en flink wat sinne en yn de nacht -7 of -8 graden.

Dip mei kâns op snie en izel

De dip sit der oan te kommen foar moandei op tiisdei. Paulusma: "Ik gean der foarearst fan út dat we yn de nacht fan moandei op tiisdei mear bewolking krije en dus kâns op snie." De nachttemperatuer giet neffens de waarman dan ek omheech nei -2. Dêrnei is ît ôfwachtsjen wat der takom wike tiisdei, woansdei bart mei de kâns op snie en izel. "Dy kâns is der, mar kin ek op nul útdraaie."
© Omrop Fryslân, Marijke de Boer
Nei de dip wurdt it nei alle gedachten wol wer kâlder. "It iennige dêr't je mei sitte is, falt der net tefolle snie yn de kommende perioade." Oer oft der in Alvestêdetocht oan sit te kommen, is Paulusma ôfhâldend. "We moatte earst mar ris op redens komme. It is in foarsizzing dy't ek noch wol oars útpakke kin, mar ik gean foarearst út fan in echt lange winterperioade, mei ek soms flink wat kjeld."
Piet Paulusma fertelt mear oer it winterwaar yn de PietCast. Dizze is te finen yn iTunes. Of yn dyn eigen favorite podcastprogramma fia RSS. Alles oer it waar is fansels te finen op Omropfryslan.nl/waar.