FIDEO: Hoe sit it no krekt mei it nije Cambuurstadion?

Hoe_sit_it_no_krekt_mei_it_nije_Cambuurstadion
De plannen rûnom de bou fan in nij Cambuurstadion hawwe de ôfrûne jierren in soad fertraging oprûn. It like der in pear kear op dat it stadion der nea komme soe, mar no is de kâns grut dat der ynkoarten echt fuotballe wurde sil by it WTC-gebiet. Ferslachjouwer Andor Faber leit út hokker stappen der noch nommen wurde moatte foardat de bal rôlet yn it nije thús fan Cambuur.