Marjon Visser nei twa bern werom op heechste kuorbalnivo

18 jan 2019 - 16:43

Marjon Visser naam yn 2016 by LDODK ôfskied fan it heechste kuorbalnivo. De 30-jierrige kuorbalster krige yn de ôfrûne jierren twa bern en makke derom de oerstap nei it leger spyljende KV Hearrenfean. De leafde foar LDODK wie lykwols te grut en dus is se no wer werom op it âlde nêst. Nei alle gedachten start Visser snein yn de Wedstriid fan de Wike tsjin Fortuna út Delft yn de basis.

REPO WfdW Marjon Visser werom op heechste kuorbalnivo

Net ferwachte

"Ik hie nei Menk (har earste bern, red.) al wol yn 'e holle: ik gean wer werom nei LDODK. Mar dat rûn doe oars. Doe't ik de kar makke hie foar Hearrenfean, hie ik net mear tocht dat ik weromkomme soe by LDODK, mar doe't ik foar de twadde kear yn ferwachting wie, ha ik der wol wer oan tocht. It kribele dochs wol wer wat en sadwaande bin ik der wer", seit de kuorbalster fan It Hearrenfean.

Visser hat sels kontakt opnaam mei de kuorbalklup fan De Gordyk. "Ien telefoantsje mei Marjo de Haan. Dy sei: 'Ik gean der net oer, mar ik sil it oerlizze.' Doe gie it hiel hurd. Se wiene bliid dat ik belle en ik wie bliid dat ik wer wolkom wie."

It jongste bern fan Visser is noch mar fiif moannen âld, mar de kuorbalster ferkeart alwer yn topfoarm. "Dat it sa hurd giet, hie ik ek net tocht. Ik hie sels in bytsje fan: as ik mei de krystdagen wer in bytsje wedstriidritme ha, dêr gean ik dan foar. Mar it gie allegearre flugger as tocht."

Oare status

De status fan LDODK is feroare yn ferliking mei de earste perioade fan Visser by de klup. "Earst wiene we echt de underdog. It earste jier dat we yn de Kuorbal League sieten, sei elkenien 'LDODK knikkeret der gelyk wer út'. Des te knapper is it dat we ús de earste twa seizoenen hanthavene ha", sa seit se.

"No is it hiel oars. We hawwe gewoan in pear hiele goeie spilers der by, internationals sels. Je posysje is ek oars, en dus binne de ferwachtingen ek oars. It is moai dat je as klup sa trochgroeie kinne", fynt Visser.

Marjon Visser yn 2016 foar LDODK - Foto: Orange Pictures

Foarútsjen

Foar Visser en LDODK stiet snein de útwedstriid tsjin Fortuna op it programma. "We geane foar de winst natuerlik, mar Fortuna is in hiel lestige ploech. It wurdt dreech, mar as wy itselde nivo helje as ôfrûne snein, dan geane we gewoan foar de winst", sa seit se.

It duel tsjin de koprinner is tige belangryk foar LDODK. De Gordyksters steane noch op it fjirde plak, mar de konkurrinsje is tichteby. LDODK kin in misstap net brûke. "Elke wedstriid is no gewoan in finale. As je in kear in minne wedstriid hawwe, dat is djoer. Dat kinne we ús net permittearje", wit Visser.

Yn de 'Wedstriid fan de wike' stiet alle wiken op Omrop Fryslân radio, telefyzje en online in bysûndere sportwedstriid sintraal. Fan kuorbal oant amateurfuotbal en fan betelle fuotbal oant shorttrack: alles komt foarby. Der wurdt yn de oanrin ekstra omtinken jûn oan de wedstriid, dy't ferkeazen is ta 'Wedstriid fan de wike'. De úteinlike grande finale, de wedstriid sels, is online te folgjen op Omropfryslan.nl en yn de Omrop-app. Somtiden live en oars as gearfetting werom te sjen.

(Advertinsje)
(Advertinsje)