ENKÊTE: Fielsto dy mear Fries of Nederlanner? Of bist benammen in grutske Europeaan?

22 jan 2019 - 17:29

Hoe sterk fielsto dy ferbûn mei dyn wenplak, regio of provinsje? Of fielsto dy benammen ferbûn mei Nederlân, Europa of it bertelân fan dyn âlden? Spreksto thús in dialekt of in oare taal as it Nederlânsk? Wêr bist grutsk op of wêr skammest dy foar? Omrop Fryslân wol it graach witte en docht ûndersyk, tegearre mei de NOS en buro I&O Research.

Foto: ANP

Oer twa moannen binne der wer ferkiezingen foar Provinsjale Steaten fan Fryslân. Reden om ris yn te zoomen op ús thúsgefoel. Sjochsto dysels as Fries of earder as Ljouwerter, wâldpyk, stellingwarver of klaaiklút? En wat presys makket Fryslân ta it gebiet dêr'tsto wat mei hast?

Doch ek mei

Yn maart publisearje we de útkomsten. Dan docht ek bliken oft wy mear provinsjegefoel ha as oaren, of just net. Doch mei en beäntwurdzje in koarte fragelist troch hjir te klikken.

(Advertinsje)
(Advertinsje)