Ireen Wüst dochs selektearre foar WK allround yn Calgary

Reedrydster Ireen Wüst fan It Hearrenfean mei dochs meidwaan oan it WK allround yn maart, yn it Kanadeeske Calgary. De seleksjekommisje langebaan fan it reedrydbûn KNSB hat har in oanwiisplak jûn.
© www.orange-pictures.nl
Wüst wie net selektearre, omdat se by it EK ôfrûne wykein njonken it poadium einige. Se waard fjirde. In poadiumplak wie in eask foar rjochtstreekse kwalifikaasje.
De KNSB hat der by de seleksje foar it WK rekken mei hâlden dat Wüst ferline wike by it EK yn Italië noch bot oanslein wie troch it ferstjerren fan har freondinne en âld-reedrydster Paulien van Deutekom. Se koe dêrtroch net optimaal prestearje.