Auto yn de sleat nei oanriding tusken Ternaard en Easternijtsjerk

In auto mei oanhinger is freedtemiddei tusken Ternaard en Easternijtsjerk yn de sleat bedarre. Dat barde nei in oanriding mei in oare auto's op de krusing fan de N358 en de Ternaarderwei.
© Ingmar Vos / ProNews
Dy oare auto rekke swier skansearre. De ynsitters moasten út de auto helle wurde troch brânwachtlju. Op syn minst ien persoan is nei it sikehûs brocht.
Hoe't it ûngelok barre koe, is net dúdlik. De krusing is fanwegen it ûngelok ôfsletten.

Faker ûngelokken

De provinsje hat resintlik dwaande west mei de ferskate krusingen op de N358 tusken Holwert en Mitselwier. Op it plak barre regelmjittich ûngelokken. Oant de ein fan 2018 waard der wurke om de krusingen feiliger te meitsjen. Fanwegen de waarsomstannichheden wurdt it wurk oan de krusingen yn 'e maitiid ôfmakke.
Ferskate omwenners freegje al jierren om in rotonde op it plak fan de krusing by Wierum.