Frachtweinsjauffeur (44) komt út Tsjechië en is noch hieltyd fertochte

De frachtweinsjauffeur, dy't ôfrûne freed op it terrein fan FrieslandCampina oanriden waard troch in trein fan Arriva, is in 44-jierrige man út Tsjechië. De sjauffeur waard foarige wike nei it ûngelok al heard troch de plysje en is dêrnei frijlitten. Hy is neffens de plysje noch hieltyd fertochte; wêrfan't de man krekt fertocht wurdt, is noch net dúdlik.
© Omrop Fryslân, Auke Zeldenrust
Op fideobylden is te sjen dat de man syn frachtwein op de spoaroergong stilsette en dêrnei fuortrûn. Doe't er seach dat der in trein oankaam, rûn er werom en besocht er syn frachtwein noch te ferpleatsen. Dat slagge net.
De trein, mei inkelde tsientallen ynsittenden, botste tsjin de frachtwein. Seis minsken, wêrûnder de sjauffeur fan de frachtwein en de masinist, rekken licht ferwûne.

Oanjefte

Tongersdei makke spoarbehearder ProRail bekend dat it bedriuw oanjefte docht tsjin de 44-jierrige sjauffeur fan de frachtwein.