"Grize konteners yn Smellingerlân moatte faker lege wurde"

18 jan 2019 - 15:12

De gemeente Smellingerlân moat de grize kontener faker leegje litte. Dat fynt de fraksje fan D66 yn de gemeenteried. Dy stelt him op achter de inisjatyfnimmers fan in petysje, dy't om datselde freget.

Offalwein - Foto: Omrin

De grize kontener foar restsmoargens wurdt tsjintwurdich trettjin kear yn it jier lege. Dat wie santjin kear. Mar de gemeente wol ta op minder smoargens en hopet dat minsken dêr better oer neitinke, no't de kontener minder faak by de dyk set wurde kin.

D66 krijt sinjalen dat foaral húshâldingen it der dreech mei ha om it mei de trettjin kear per jier te dwaan. En minsken meitsje har der ek soargen oer dat it smoargens miskien wol gewoan dumpt wurdt.

Simmerdeis faker

D66 komt no mei in moasje om de grize konteners simmerdeis wat faker te leegjen. De stap fan it gemeentebestjoer wie in stap te fier, seit de partij. D66 seit ek dat de ôffalstoffeheffing omheech giet, wylst de konteners minder faak lege wurde. Minsken begripe dat net, tinkt de fraksje. De ried fan Smellingerlân praat tiisdei oer it foarstel fan D66.

(Advertinsje)
(Advertinsje)