Plysje is noch hieltyd dwaande mei ûndersyk Nijhoarne

18 jan 2019 - 14:20

De plysje hat freedtemoarn op 'e nij ûndersyk dien op it hiem fan de 50-jierrige bewenner fan in pleats oan de Schoterlandsewei yn Nijhoarne. It hiem is ôfsletten mei stekken mei swart plestik.

Foto: CAMJO Media

By it ynsidint is tongersdeitemoarn de ynsittende fan in auto ferstoarn. De man woe himsels tekoart dwaan. Doe't de plysje oankaam om help te ferlienen, ried de man op harren yn.

Ien plysjeman bedarre ûnder de auto en rekke ferwûne. De situaasje waard dêrnei neffens de plysje sa gefaarlik, dat se op de auto sketten ha.

De auto fan de man fleach yn de brân en kaam tsjin de wenning ta stilstân. De man rekke swierferwûne en ferstoar koart dêrnei.

It is noch net bekend hoe't de man ferstoarn is. De resjerzje en de Ryksresjerzje dogge hjir ûndersyk nei.

Ha jo problemen en ha jo help nedich? Dan kinne jo kontakt opnimme mei Stichting 113 Zelfmoordpreventie. It nûmer is 0900-0113 (24/7 berikber) of sjoch op www.113.nl.

Trefwurden: 
plysje auto Nijhoarne sketten
(Advertinsje)
(Advertinsje)