Freedsmerk: "Brexit? Dat is bernespul, gepiel om niks"

18 jan 2019 - 13:38

"Bernespul, gepiel om niks", dat wie ien fan de reaksjes op de Ljouwerter freedsmerk oer de panyk dy't sa stadichoan ûntstiet oer de brexit. "As der wat feroaret en der giet in doar ticht, giet der ek altyd wol wer in rút iepen. Der binne altyd wer kânsen!"

Foto: Omrop Fryslân, René Koster

Oaren fûnen it benammen spitich en fregen har ek ôf, oft it wol echt in mearderheid fan de Britten is dy't dit wol. "De foarstanners binne thúsbleaun. Stom."

Ien fan de keaplju seach it hiel oars: "Ik vind het echt geweldig. Zij stemmen ergens voor en zet het dan ook door. In ons land komt er dan een sneaky inlegvelletje en blijft alles zoals het was."

In frou mei freonen yn Ingelân is benaud dat se dêr tenei allinnich noch mei in fisum hinne kin en de blommeman wiist op de ûnwisse takomst fan de grutte eksport nei it Feriene Keninkryk.

Foarstanners fan in nexit, wêrby't ek Nederlân út de EU stappe soe, wiene der kwealik mear. "Dat is dan miskien noch de winst fan dit debakel."

Mar wekker lizze de measten trouwens net fan in brexit: "It ynteressearret my net in mallemoer", sa ferwurde ien fan de klanten it.

Freedsmerk oer brexit

Trefwurden: 
freedsmerk Brexit
(Advertinsje)
(Advertinsje)