NNO bringt klassike muzyk nei beukers op skoallen

18 jan 2019 - 13:30

It Noord Nederlands Orkest (NNO) is begûn mei in rige konserten spesjaal foar beukers. Fjouwer muzikanten en in presentatrise trede op op basisskoallen yn Ljouwert. Dêr spylje se it stik 'Carnaval des Animaux'. It earste konsert wie foar de bern fan basisskoalle De Sprong yn Techum, yn Ljouwert.

Foto: Omrop Fryslân

It NNO wol mei de konserten de bern yn de kunde bringe mei klassike muzyk mar benammen mei de ynstruminten. De beukers wurde ek letterlik meinaam yn it stik. Sa spylje se sels de bisten dy't yn Carnaval des Animaux foarkomme.

Foto: Omrop Fryslân, Hayo Bootsma

It NNO hat ek in lespakket ûntwikkele. Nei it konsert kinne de bern yn de klasse de muzyk neilústerje en nije dûnskes dêrop ûntwikkelje.

Trefwurden: 
klassyk NNO beukers
(Advertinsje)
(Advertinsje)