Plestik ferpakking fan de takomst wurdt betocht op It Hearrenfean

18 jan 2019 - 13:22

In ketchupflesse dy't net mear yn de smoargensferbrâning bedarret of in kolafleske dat tsjinje kin as grûnstof foar nije fleskes. Sokke útfiningen moatte meikoarten dien wurde yn it Nationaal Testcentrum Circulaire Plastics op It Hearrenfean.

Foto: ANP

Dit ûndersykssintrum komt op Ecopark De Wierde, sa is freed bekendmakke. De ryksoerheid draacht dêr ien miljoen euro oan by. "Geweldich goed nijs', sa reagearret deputearre Sander de Rouwe út Den Haag wei, dêr it offisjele startsein jûn wurdt.

"No is it noch sa dat der by it ferpakken fan ús iten fral sjoen wurdt nei de priis. Mar it tinken yn Nederlân en Fryslân feroaret hurd. Elkenien freget him ôf: 'hoe kinst al dy ferpakkingen no opnij brûke?'"

Deputearre Sander de Rouwe

Philips en Unilever

De Rouwe hopet dat Fryske bedriuwen profitearje fan de útfiningen dy't it testsintrum op It Hearrenfean docht, mar hy wol ek dat grutte bedriuwen as Philips en Unilever har foardiel dogge mei it Fryske ûndersyk.

"Wat soe it moai wêze as Philips en Unilever dalik sizze: 'No hawwe wy in nije ferpakking en dy giet net mear nei de REC yn Harns, mar dy brûke wy opnij'.

Underwiis

Ek it mbo, hbo en de nije Fryske universiteit moatte by it testsintrum belutsen wurde, seit De Rouwe: "Wy libje yn in provinsje dêr't de linen hiel koart binne. It ûnderwiis wol serieus mei in roadmap foar de takomst oan de gong".

It testsintrum foar plestik freget in ynvestearring fan trije miljoen euro, foar trije jier.

(Advertinsje)
(Advertinsje)