Sluting Ingelske Philipsfabryk jout Drachten "goed gefoel foar de takomst"

De sluting fan in Philipsfabryk yn Ingelân soe in boost foar de wurkgelegenheid yn Drachten betsjutte kinne. It elektroanikakonsern wol de produksje fan it fabryk oerbringe nei de fêstiging yn Drachten. It is de bedoeling om fan 50 nei 30 produksjefêstigingen werom te gean.
Sluting Ingelske Philipsfabryk jout Drachten goed gefoel foar de takomst
It bedriuw wol noch net sizze wat it konkreet oan banen opsmyt. By de Britske fêstiging wurkje mear as 400 minsken, dêrom soe it foar Drachten nochal wat ekstra banen betsjutte kinne. By Philips yn Drachten wurkje no 2.000 minsken.
© Philips
Jan Kampherbeek fan it CNV fynt it sneu foar de Ingelsken, mar tagelyk ek tige goed nijs foar Drachten. Dochs is er wat weromhâldend. "Faak sjochst dat yn nije fabriken en by nije linen noch wer fierder automatisearre wurdt, dus it is net automatysk sa dat der hjir 430 plakken by komme."
Neffens Kampherbeek jout de ynvestearring fan Philips yn de Fryske fêstiging wol fertrouwen. "It jout in goed gefoel foar de takomst."
Ferslachjouwer Gerrit de Boer praat mei Jan Kampherbeek fan it CNV