Paviljoen yn Park Vijversburg makket kâns op Europeeske arsjitektuerpriis

18 jan 2019 - 12:41

It paviljoen yn Park Vijversburg yn Tytsjerk is selektearre foar de Mies van der Rohe Award. Dat is dé Europeeske arsjitektuerpriis dy't om de twa jier útrikt wurdt.

Foto: Iwan Baan

Mei elkoar binne fjirtich projekten selektearre út in totaal fan 383 nominaasjes út 38 lannen. Neist Vijversburg stiet ek it Musis Sacrum yn Arnhem op de shortlist fan fiif gadingmakkers. Beide gebouwen hearre ta de njoggen bêste gebouwen fan 2018.

It paviljoen is ûntwurpen troch Studio Maks en Junya Ishigami. It minimalistyske gebou bestiet út trije glêzen gevels en folget de besteande linen fan it park.

Heal febrewaris wurdt de winner bekend.

(Advertinsje)
(Advertinsje)