Njoggen festivals krije subsydzje fan gemeente en provinsje

Njoggen Fryske festivals krije subsydzje foar 2019 en 2020 fan de provinsje en de gemeente Ljouwert.
Welcome to the Village, festival, WTTV © Omrop Fryslân
Yn de kategory poadiumkeunst yn Ljouwert krije Welcome to the Village, Explore the North, it Frysk Strjitfestival en CityProms elk 200.000 euro foar de kommende twa jier.
Yn de kategory Poadiumkeunst Fryslân krije Into the Great Wide Open, it Oranjewâld Festival en Simmerdeis elk 100.000 euro foar twa jier.
It FrUIT Festival yn Snits krijt 50.000 euro, it MediaArt Festival/LUNA itselde bedrach.
Provinsje en gemeente krigen 15 oanfragen binnen, dy't troch in ûnôfhinklike kommisje beoardiele waarden.