Berging konteners yn Noardsee set freed lang om let útein

18 jan 2019 - 11:28

Rykswettersteat begjint freed mei it bergjen fan de konteners dy't begjin dit jier fan de MSC Zoe yn de Noardsee foelen. De berging wurdt dien mei twa skippen: de Geosund yn de fargeul boppe Skylge en de Atlantic Tonjer yn de Eemsgeul by Grinslân.

Foto: Kustwacht Nederland

De skippen pakke de stikkene konteners mei in griper út it wetter. Konteners dy't noch ticht binne, krije in markearring en wurde letter ophelle. De skippen krije stipe fan seis surveyskippen en twa guardskippen, dy't de oare skipfeart yn de gaten hâlde en om de bergingsskippen hinne liede. Yn de buert lizze fiskersskippen klear dy't losse rommel út de konteners út it wetter fiskje.

De bergingsskippen wiene woansdeitemoarn al ûnderweis gien nei de konteners. Se moasten doe noch wachtsje op rêstiger waar, om echt oan de slach te kinnen.

"In de loop van de middag hopen we te beginnen. Alles staat paraat", leit Edwin de Feijter fan Rykswettersteat út. "Het is nog wachten tot de golven wat gedempt zijn, maar de weersverwachting ziet er goed uit voor de komende dagen, met een relatief kalme zee. Dan kunnen we eindelijk een paar flinke slagen maken."

Elk is bliid dat it wurk no lang om let los kin. "Een grijper gaat in de zee naar beneden om de container naar boven te halen. Dat materiaal zetten we aan dek." Losse lading wurdt oppikt troch fiskersskippen.

"We werken van grof naar fijn. We weten dat er 271 containers in zee liggen. Een hoop objecten zijn gedetecteerd en de grote concentraties van containers zijn bekend."

Hinder foar skipfeart

It bergjen sil inkele moannen yn beslach nimme. De skipfeart hat dêr hinder fan. "Ze worden gewaarschuwd en krijgen het advies om een andere route te varen. Ook zijn guardschepen ter plaatse om dat aan te geven."

It is noch net dúdlik wêr't de konteners en it opfiske guod út see hinne moat. "Daar moet de berger nog een besluit over nemen. Maar het schip kan een flinke tijd op zee blijven en een flinke hoeveelheid containers op het dek bergen. Dus tegen de tijd dat ze naar de wal moeten, is daar vast duidelijkheid over."

Edwin de Feijter fan Rykswettersteat

Ien fan de grutste kontenerskippen yn de wrâld, de MSC Zoe út Panama, hat yn de nacht fan 1 op 2 jannewaris 2019 mear as 290 konteners ferlern. Dat barde krekt boppe it Dútske eilân Borkum. Troch de hurde wyn binne de konteners nei de Fryske Waadeilannen dreaun. Al it nijs oer de kontenerramp is te finen op de dossierside.

(Advertinsje)
(Advertinsje)