Ljedder tsjin loads bringt plysje Ljouwert op spoar leechrôve himpkwekerij

18 jan 2019 - 10:57

De plysje yn Ljouwert hat tongersdei in himpkwekerij oprôle dy't krekt derfoar foar in grut part leechrôve wie. De plysje krige in melding dat in ljedder tsjin in loads oan de Castorwei stie.

Foto: Politie.nl

Nei ûndersyk die al gau bliken dat yn de loads plak wie foar tusken de 1.000 en 1500 himpplantsjes. Der stiene noch mar 145, de rest wie stellen.

Boppedat die bliken dat de stroom foar de kwekerij yllegaal ôftaape waard. De kwekerij is ûntromme en alle guod is yn beslach naam.

De plysje ûndersiket noch fan wa't de kwekerij is en siket dêrby de help fan tsjûgen.

(Advertinsje)
(Advertinsje)