Isolaasjeplatefabryk Snits wol ien jier nei de start al fiif kear sa grut wurde

18 jan 2019 - 10:50

It fabryk fan miljeufreonlike isolaasjeplaten fan EverUse yn Snits is noch mar in jier lyn offisjeel iepene troch kening Willem Alexander, mar no al binne der fiergeande plannen om de produksjekapasiteit mei in faktor fiif te fergrutsjen.

Foto: Omrop Fryslan, Jan Durk de Haan

De isolaasjeplaten fan EverUse wurde makke fan papierôffal en kinne op grut entûsjasme rekkenje yn de bouwrâld, omdat se net allinnich de waarmte goed binnenhâlde, mar ek nochris lûdsisolearjend binne. Bygelyks by renovaasjes wurde se brûkt.

Mei-oprjochter Martijn Vinke seit dat bûten Nederlân belangstelling is yn 12 lannen, wêrûnder de Feriene Steaten, Saûdy-Arabië, Dubai, Kanada en Frankryk. De isolaasjeplaten wurde al levere yn Switserlân, België, Denemarken, Ingelân en Spanje.

Mear romte nedich

It fabryk op De Hemmen yn Snits kin op it stuit in miljoen kante meter isolaasjeplaat yn it jier produsearje, mar om oan de fraach te foldwaan ferwachtet Vinke dat der 5 miljoen kante meter yn it jier makke wurde moat.

Oft dat yn Snits kin, is noch net wis. Yn it besteande gebou is net genôch romte en plak foar nijbou is der net, as it moat oan de oare kant fan de strjitte wêze. De direksje is op dit stuit de mooglikheden oan it ferkennen.

De ferwachting is ek dat der flink mear personiel nedich is. Op it stuit wurkje der fiif minsken by EverUse.

Ferslachjouwer Jan Durk de Haan wie freedtemoarn yn it fabryk yn Snits

Hege ferwachtingen binne der fan it leverjen fan doarren, mei de isolaasjeplaten fan it Snitser bedriuw der yn. Meikoarten hopet Vink dêr in grutte oarder foar binnen te heljen. "Maar daar kan ik nog niet teveel over zeggen, dat is concurrentiegevoelige informatie", sa seit hy.

Oan de start fan it fabryk - no dus in jier lyn - gong in perioade fan fiif jier testen foarôf. Sa moast der bygelyks in oplossing fûn wurde om de platen brânfeilich te meitsjen.

De masines dy't nedich binne foar de produksje, binne hielendal yn eigen behear ûntwikkele. "Dat geeft ons een voorsprong van vijf jaar", seit Vink. Hy ferwachtet dan ek net dat der gau in konkurrint komt, dy't itselde produkt meitsje kin.

'Circulair'

EverUse seit dat de isolaasjeplaten hielendal sirkulêr binne. As de platen oer in pear jier wer út in gebou sloopt wurde, kinne se wer werombrocht wurde nei it fabryk yn Snits. Dan wurde se ienfâldichwei wer fermealle ta grûnstof foar nije platen. Sa hoecht neat fuortsmiten te wurden, dat bygelyks yn in ferbrâningsoven bedarret.

Mei-oprjochter en direkteur Martijn Vink fertelt oer de útwreidingsplannen

Trefwurden: 
Snits EverUse isolaasjeplaten
(Advertinsje)
(Advertinsje)