Ynwenners Waadhoeke ha noed oer tal arbeidsmigranten yn de gemeente

Yn de gemeente Waadhoeke is gjin direkte oerlêst, mar der binne wol soargen oer it tal arbeidsmigranten yn de gemeente. De measte ynwenners hawwe wol begryp foar de oanwêzichheid fan dizze migranten, mar se soenen mear ferspraat wurde moatte.
© Omrop Fryslân
Yn guon doarpswiken is de ferhâlding tusken de doarpelingen en de migranten fersteurd en dat jout ûnrêst. It probleem spilet al efkes en neffens in protte ynwenners en organisaasjes is it heech tiid dat der wat oan dien wurdt, sa wie tongersdeitejûn yn Marsum te hearren by in iepenbiere gearkomste oer de húsfêsting fan de arbeidsmigranten yn de gemeente.
© Omrop Fryslân, Willem de Vries
Robert van der Spek fan Berltsum en wethâlder Nel Haarsma
Oant en mei maaie wurdt der praat yn wurkgroepen, wêrnei't in advys nei de ried giet.