CDA-partijfoarsitter Peetoom giet nei Friesch Dagblad

18 jan 2019 - 08:02

De CDA-partijfoarsitter Ruth Peetoom giet fan 1 maart ôf oan it wurk as útjouwer fan it Friesch Dagblad.

Ruth Peetoom. - Foto: ANP

De 51-jierrige Peetoom komt yn tsjinst by de NDC Mediagroep, de útjouwer fan it Friesch Dagblad, de Ljouwerter Krante en it Dagblad van het Noorden.

Peetoom wie sûnt 2011 partijfoarsitter fan it CDA en dêrfoar predikant yn Utert en Grins. "Als uitgever zal ik mij, vanuit de principes van het Friesch Dagblad, inzetten voor kwalitatief goede journalistiek, versterking van de rechtsstaat en de democratie, duurzaamheid en het goed omgaan van mensen met elkaar", seit Peetoom. "Het gaat om, op zijn Fries, mienskip."

(advertinsje)