Kollum: "Egologyske ramp"

"It is in ekologyske ramp, al dy rommel op it Waad, foaral dy lytse plestik boltsjes dy't de bisten oansjen kinne foar iten en lang net alle konteners binne al boppe wetter. It is fansels geweldich dat der al safolle opromme is troch ûnder oare fiskermanlju en frijwilligers, mar nimmen kin noch oersjen hoe grut dizze ramp is.
Hilda Talsma © Omrop Fryslân
De toan fan Hilda Talsma
In pear wiken lyn gie myn kollum oer de rotsoai yn 'e berms lâns de diken, want dat is hjir al hiel normaal. En as jo bygelyks by in supermerk om jo hinne sjogge, dan wurdst der ek beroerd fan hoefolle troep der meastal op 'e grûn en ûnder de winkelweinen leit. Mar it slimste fan alles fyn ik dat de minsken it sels dogge.
Neffens my soene we wol sûnder al dat guod kinne wat yn dy konteners sit. De measten hawwe safolle spullen yn en om hûs dat se no betiden al net witte wêr't se der mei hinne moatte. En ik bin wat dat oanbelanget gjin hier better. 'Koopkracht is de kracht om te laten liggen wat je niet nodig hebt', seit Loesje en dêr tink ik no oan as ik eat ha wol mar úteinlik meastal net nedich ha.
Earlik sein fyn ik it minskdom betiden bêst wol ûnnoazel. Wol seure dat de ôffalheffingen djoerder wurde, mar tagelyk sels in spoar fan ellinde efterlitte. Nei alle festivals, konserten, merken, dagen op it strân of in blokje om mei de hûn komst itjinge tsjin dat in oar net oprommet. Soe de oerheid soks net dwaan, dan wie it echt in freeslike binde.
Hjir wie lêst immen dy't fan dy húshimmeldoekjes yn 'e berm smiten hat. Dy hie of de kont fan de hûn der mei ôffage of sels yn 'e berm skiten en de doekjes foar it gemak mar lizze litten. En ik kom ek wol pûdsjes mei hûnestront tsjin. Der binne echt lju dy't de keutels kreas yn in pûdsje dogge en dan it pûdsje ûnderweis slingerje litte.
Mar der wurdt fansels ek jild fertsjinne oan alles wat wy domwei keapje. Plestik moat makke wurde, de rederij fan it kontenerskip wol wat fertsjinje en it personiel ek. De winkels of websjops dy't it ferkeapje wolle goede hannel dwaan, wylst it gros fan ús it leafste sa min mooglik betelje wol, sjoen nei de winkels dêr't it ivich en altyd drok is. Ik tink dat de arbeiders dy't it makke ha, der it meast by ynsjitte, mar dêr steane we leaver net by stil.
Foar in prikje by ús te keap, hat it al in hiele reis makke en de kâns is grut dat it binnen it jier yn 'e kontener of by de Omrin bedarret. Knap guod komt dan noch wolris by de kringloop telâne, mar it measte wurdt neffens my fuortsmiten. En as jo troch alle rotsoai de gaos net mear de baas binne, dan kinst in opromcoach ynhiere.
Ja, wy hawwe it goed foar inoar. Want alles is te keap en de reklamefolders roppe en raze it ús alle wiken wer temjitte. En ek de jonges en famkes dy't dy folders rûnbringe, fertsjinje sa in bûssint. Mar de ynhâld fan dy folders driuwt no foar ús kust en dan ynienen docht bliken hoe slim it eins is. Earst sjen, dan leauwe? En soene we der ek eat fan leare?
Ik ha der net in soad fertrouwen yn want wy binne bedoarn. As de ierde ea wer puer en skjin wurde sil, mei se earst wol in coach ynhiere om in moai nustje minsken op te romjen. 'Opgeruimd staat netjes,' soe dy wol sizze mar ûnkrûd fergiet net en dus is dizze EGOlogyske ramp noch lang net foarby."