Militêr mishannelet portier yn Ljouwert

18 jan 2019 - 07:02

In 23-jierrige militêr fan it Brabânske Veldhoven hat yn de nacht fan tongersdei op freed in portier mishannele.

Foto: ANP Foto

Dat barde by in kafee oan it Ruterskertier yn Ljouwert. De man mei de kommende 24 moannen it kafee net mear yn en hy hat ek in kollektive hoarekaûntsizzing fan 12 moannen krigen.

Om't de man militêr is, is hy oerdroegen oan de maresjaussee.

Trefwurden: 
Ljouwert militêr Veldhoven
(advertinsje)