Tsead Bruinja is de nije Dichter des Vaderlands

18 jan 2019 - 06:23

Tsead Bruinja (1974), earder fan Rinsumageast en no wenjend yn Amsterdam, is de nije Dichter des Vaderlands. Hy sil de kommende twa jier gedichten skriuwe by aktuele saken en hy sil optrede as ambassadeur foar de poëzy. Dat stiet op de webside fan Dichter des Vaderlands.

Tsead Bruinja yn 2007. - Foto: ANP

Tsead Bruinja

Earetitel

Bruinja fynt it in earetitel. "It betsjut datst sjoen wurdst, dat se troch hawwe datst as dichter net inkeld foar eigen parochy prekest, mar ek mear foar de poëzy yn it algemien dwaande bist."

Doel is dat er seis gedichten yn it jier skriuwt dy't yn de krante NRC publisearre wurde. "Mar der is hiel folle romte. As der wat bart, dêr't ik oer skriuwe wol, dan stjoer ik in mail nei de redakteur en dan kinne we it deroer hawwe."

Frysk

It Frysk spilet al jierren in belangrike rol yn syn wurk. "It Frysk hat my in folle bettere dichter makke. It Frysk hat altyd belangryk west en dat sil ek sa bliuwe. Hjir yn Amsterdam ha ik jûnen foar Fryske dichters organisearre en yn 2004 in blomlêzing mei wurk fan Fryske dichters makke dêr't we ek mei toerd ha. Mar ik wol eins wat dwaan mei de hiele diversiteit fan talen yn Nederlân, ek it Drintsk en Papiamintsk, in blomlêzing bygelyks. "

Bruinja folget Ester Naomi Perquin op as Dichter des Vaderlands. Hy hat krekt twa jier 'Dongeradichter' fan de gemeente Dongeradiel west.

Gefoelich en skerp

De sjuery neamt Bruinja in dichter dy't yn earlike en ienfâldige wurden tagelyk gefoelich en skerp wêze kin. Bruinja publisearre sûnt 2000 tolve bondels, sawol yn it Nederlânsk as it Frysk. Syn lêste bondel is ferline jier fersynd: Hingje net alle klean op deselde kapstôk / Hang niet alle kleren aan dezelfde kapstok. Hy jout les oan de skriuwoplieding fan hegeskoalle ArtEZ yn Arnhem.

Bruinja makke yn 2009 ek al kâns om de Dichter des Vaderlands te wurden, mar doe gie Ramsey Nasr mei de earetitel oan de haal.

Foto: Omrop Fryslân, Onno Falkena

Dit is syn earste fers:

voor volk en moederland

nederland je gaf mij een dubbele tong
en vruchtbare grond waar ik tuintegels overheen leg
ik zwoer dat ik de hark en spade in de schuur zou laten
maar nu zie ik overal onkruid
straks moet ik nog ondergronds
om het met wortel en tak uit te roeien

nederland ik ben niet tegen je gepolder bestand
je heupen zouden alles kunnen oplossen
maar ze zitten op slot

nederland so what als de grond verzakt onder onze voeten
ik balanceer al jaren tussen hier en de overkant
en zie ze daar niet veel anders doen
er is ruimte op de dansvloer
en zijn manden van beschaving
waar we samen doorheen kunnen vallen

liefste bankiereklier mijn o vosselijn pass me die kruiwagen aub
er is een schuldberg die we moeten voeden
ik spuug in mijn handen en duw hem
in het zweet jouws aanschijns een mestvaalt op
en bedel gedwee om een hypotheek

nederland je gaf ons en de wereld waterwerken
baggeraars bruggen en bordeeleigenaren die bonnetjes schrijven
waarop ze hun onderneming een brasserie noemen
je bent mijn brea bûter en griene tsiis
my favourite slippery motherfucker ben je
en dat pakken ze ons nooit meer af

nederland ik ga van je vaderland een moederland maken
op de operatietafel met jou en je grote paddenstoel

het mes erin we gaan ruimte maken

ik zeg katsjing tegen je kassa nederland
samen laten wij ons de nagelkaas mooi niet van het brood eten
ik ga je een grote dienst bewijzen door te slapen met een ander
misschien moet leeuwarden je hoofdstad blijven en ga ik vlaanderen bezetten
dat vuurtje tussen ons gaat anders in een klap uit

nederland sluit je bordelen en maak je liefde gratis
pleur een paar bruggen over die middellandse zee en breid je helpdesk uit
ik wil de mensen wel te woord staan

nederland waarom kijk je zo sip
als ik je achterlijke zelfbeeld niet omarm
niemand wil een misogyne homofobe racist genoemd worden
waarom wil jij dat dan zo graag zijn?

nederland ik wil nooit je ex zijn
misschien word ik ooit je bruid

Neist syn dichtsjen is Tsead Bruinja warber op oare mêden. Hy hat blomlêzingen gearstald, makket besprekken, presintearret, ynterviewt en treedt in soad op yn binnen- en bûtenlân. Hy wurket ek geregeld gear mei byldzjend keunstners en foarmjouwers. Syn wurk is net inkeld yn boeken te lêzen, mar ek yn gebouwen, pleinen en yn winkels te lêzen.

(advertinsje)