Reedrider Douwe de Vries wol yn atletekommisje ISU

Reedrider Douwe de Vries hat himsels kandidaat steld foar de atletekommisje fan de International Skating Union. Dy kommisje is twa jier lyn troch de ISU sels oprjochte, om by oanpassingen fan it belied en oare feroaringen ek de atleten in stim te jaan.
© OrangePictures
De kommisje bestiet út fiif leden: in keunstrider, in iisdûnser, in syngroanrider, in langebaanrider en in shorttracker. As De Vries keazen wurdt, soe er de earste Nederlanner wêze dy't yn de kommisje komt. Njonken De Vries is der noch ien oare kandidaat, út Wyt-Ruslân.

Stim fan de riders

De Vries wol, as er keazen wurdt, wat mear de stim fan de riders hearre litte. "De dame dy't it foar my die, dêr hearden wy nea fan", sa seit er. De KNSB stiet efter de kandidaatstelling fan De Vries.
Yn 'e wike foar it WK kin der stimd wurde, mar foar kampanje fiere hat De Vries gjin tiid. "Ik moat de kommende wike earst hurd traine."
Douwe de Vries oer syn kandidaatstelling