Philips hellet produksje Ingelske fabryk oer nei Drachten

Technologybedriuw Philips wol in fabryk yn Ingelân slute en de produksje foar in grut part oerbringe nei it Philipsfabryk yn Drachten. Dat moat takom jier syn beslach krije. Philips is al langer dwaande om it oantal fabriken werom te bringen, om sa de kosten nei ûnderen te krijen.
© ANP
De fêstiging fan Philips yn Drachten kriget der dan in soad banen by, omdat it in grut part fan de produksje fan de Ingelske fabryk oernimt. Mar de wurdfierder wol noch net sizze hoefolle. Neffens it bedriuw wurdt yn it Ingelske Glemsford foaral in soarte produkt makke dat bûten Ingelân ferkocht wurdt. Der wurkje 400 meiwurkers dy't benammen produkten foar lytse poppen meitsje.

Strategysk beslút

De sluting hat te krijen mei de strategy fan Philips. It konsern wol minder fabriken yn de wrâld ha en ferleget it tal fêstigingen fan 50 nei 30 ta. De fabriken dy't oerbliuwe, binne grutter en effisjinter. Sa kin Philips de kosten ferleegje. Yn Drachten wurkje op 't stuit sa'n 2000 minsken.
De meiwurkers yn Ingelân binne tongersdei troch Philips ynformearre oer de sluting. Wurdfierder Steve Klink wol út piëteit mei de Ingelsken neat sizze oer de positive gefolgen dy't de ferhuzing opsmyt foar Philips yn Drachten. It fabryk yn Glemsford wurdt uterlik yn 2020 sletten.