Harnzer fiskers fine bysûndere ferstekkeling oan board

De bemanning fan it fiskersskip 'Our Anna' seach frjemd op doe't der midden op 'e Noardsee, in jonge kat ûntdutsen waard op it skip. It skip is op 14 jannewaris ôfreizge út Harns, nei alle gedachten is it bistje dêr oan board slûpt.
© Eigen foto
Jilling Coorn, bemanningslid fan de Our Anna, fertelt dat sy in apart lûd hearden. Se giene op ûndersyk út en doe't fûn se de kat. It bist siet yn min waar boppe op in kist op it dek, mar de ferstekkeling hat it no wol noflik oan board. "Hy kriget alle dagen farske fisk." Mar ek de fiskers fine it wol gesellich seit Coorn. Ien fan de manlju hat it bistje sels 'Katrientsje' neamt.
Takom wykein komt Our Anna wer oan. Oant dy tiid sil de kat oan board bliuwe moatte. Fan wa't de kat is, is noch net bekend. Yn Harns sil in biste-ambulânse komme om te sjen oft de kat ek chipt is. Dan hopet de bemanning dat it bistje wer gau in moai plakje kriget.
Wit ien fan wa oft dizze kat is? Stjoer dan in berjocht fia de Omrop-app.