Plysje siket tsjûgen fan nuver ûngelok by Sint-Nyk

De plysje yn De Fryske Marren taast yn it tsjuster oer in apart ûngelok tongersdeitemiddei. Op de Langwarderdyk yn Sint-Nyk wie in auto tsjin in beam botst, mar doe't de plysje nei in melding op it plak fan it ûngelok kaam, siet der net ien yn de auto.
© Politie De Fryske Marren
Net lang dêrnei kaam in frou (40) op it plysjeburo fan De Jouwer. Se wie neffens de plysje bûnt en blau en se sei dat se as passazjier yn de auto sitten hie dy't by Sint-Nyk op de beam botst wie. De frou wie flink ûnder ynfloed. "Ondanks een onderbuikgevoel was het voor ons niet mogelijk om de vrouw als bestuurder of verdachte aan te merken", seit de plysje.
De frou is oan har ferwûnings behannele, mar koe dus net oanhâlden wurde. De plysje tinkt net dat der tsjûgen binne fan it ûngelok, mar freget minsken dy't der mear fan witte oft se har melde wolle.