ProRail docht oanjefte tsjin frachtweinsjauffeur dy't oanriden waard troch trein

17 jan 2019 - 17:37

ProRail docht oanjefte tsjin de sjauffeur fan de frachtwein, dy't ôfrûne freedtejûn oanriden waard troch in trein fan Arriva yn Ljouwert. Dat hat de spoarbehearder tongersdeitemiddei bekend makke. De oanriding fûn plak op it terrein fan FrieslandCampina, dêr't de sjauffeur syn frachtwein op de spoaroergong stilset hie. Bylden fan it ûngelok kamen woansdeitejûn nei bûten.

Neffens ProRail wie der neat mis mei de feilichheidssystemen op de partikuliere oerwei. De spoarbehearder hat earder mei de eigener sprutsen om de oerwei sa min as mooglik te brûken. Neffens ProRail is de feilichste opsje om de oerwei op te heffen.

Plysje siket tsjûgen

De plysje melde earder tongersdei al op syk te wêzen nei twa kuierders, dy't ôfrûne freedtejûn de botsing tusken de trein en de frachtwein op it terrein fan FrieslandCampina yn Ljouwert meimakke hawwe. Sy kinne mooglik mear fertelle oer wat der foarige wike krekt barde.

Aldert Baas fan ProRail

Trefwurden: 
Ljouwert trein botsing ProRail
(advertinsje)