Ofslútdyk luts yn 2018 sa'n 700.000 besikers

17 jan 2019 - 17:25

De Ofslútdyk luts it ôfrûne jier mear as twa kear safolle besikers as yn 2014. Dat docht bliken út ûndersyk fan Hegeskoalle Stenden. Op Koarnwertersân, oan de Fryske kant fan de dyk, is it tal besikers sels fiif kear sa grut as yn 2014.

Ofslútdyk luts yn 2018 sa'n 700.000 besikers

Neffens ûndersiker Albert Postma komt dat troch it nije besikerssintrum mei restaurant. Oare faktoaren dy't meiholpen wiene de lange moaie simmer en de Kulturele Haadstêd. Fierwei de measte besikers, sa'n tachtich persint, komt út Nederlân sels. Tolve prosint fan de besikers komt út Dútslân en trije prosint út België.

Positive sifers

De sifers waarden tongersdei presintearre op in sympoasium oer it toerisme yn it nije Afsluitdijk Wadden Center by Koarnwertersân. Deputearre Klaas Kielstra krige it earste eksimplaar fan it ûndersyksrapport. De deputearre wie út de skroeven. "Wy tochten al dat it de goeie kant op gie, mar no witte we it ek seker." Neffens de deputearre kin it toerisme yn Fryslân de kommende jierren noch fierder groeie, benammen as it Fryslân slagget om de minsken langer fêst te hâlden. It toerisme is no sa'n 7 prosint fan de Fryske ekonomy. Kielstra ferwachtet dat dat oanpart fierder groeie sil.

"De Ofslútdyk giet de kommende jierren foar hûnderten miljoenen op de skep. Ik tink dat in soad minsken dat graach folgje wolle", seit Kielstra. Ek de fiskmigraasjerivier en it nije fytspaad lâns de Waadsee moat de Ofslútdyk allinnich mar nijsgjirriger meitsje foar toeristen. Kielstra tinkt dat rekreaasje-ûndernimmers yn de omjouwing in soad baat hawwe kinne by de groeiende besikersstream.

Deputearre Klaas Kielstra

(Advertinsje)
(Advertinsje)