Alle auto's fan Omrin gean oer op grien gas

17 jan 2019 - 17:09

Alle auto's fan ôffalferwurker Omrin dy't smoargens ophelje by bedriuwen, ride fan takom moanne ôf op grien gas. Dêrmei hat Omrin de primeur yn Nederlân, seit it bedriuw. Op dit stuit rydt al 70 persint fan alle auto's fan Omrin op grien gas.

Offalwein - Foto: Omrin

Om de duorsume ûntwikkeling ek nei bûten ta dúdlik te meitsjen, krije de auto's dy't op grien gas ride in spesjaal logo. Omrin ropt oare bedriuwen op om ek oer te stappen op skjinne brânstof.

Trefwurden: 
Omrin griengas
(Advertinsje)
(Advertinsje)