Kommissaris fan de Kening Brok wint oeuvrepriis as bêste bestjoerder

17 jan 2019 - 17:08

Kommissaris fan de Kening Arno Brok is útroppen ta bêste bestjoerder fan de ôfrûne tsien jier. De priis is in inisjatyf fan it fakmagazine Binnenlands Bestuur. It giet om in oeuvrepriis.

Arno Brok - Foto: Omrop Fryslân

Kommissaris fan de Kening Arno Brok

De priis is spesjaal yn it libben roppen fanwege de tsiende ferkiezing fan in bestjoerder fan it jier. Kommissaris Brok krige him, omdat hy de ôfrûne tsien jier it faakste foardroegen is foar de titel fan bêste bestjoerder. Hy wûn lykwols nea. Wol krige Brok yn 2012 de boargemasterspriis fan de minister fan Binnenlânske Saken.

De kommissaris is fereare dat de priis oan him takind is, mar seit dat hjir dochs ek it klisjee past dat er gewoan syn wurk docht. Brok seit dat er it amt sa goed mooglik útoefenje wol en in priis is dan wol it lêste dêr't er oan tinkt. Foar in oeuvrepriis fynt er himsels noch wat jong. Hy bliuwt gewoan trochwurkjen.

Karriêre

Arno Brok is sûnt maart 2017 kommissaris fan de Kening yn Fryslân. Dêrfoar wie er boargemaster fan Dordrecht (2010-2017) en fan Snits (2003-2010). Hy begûn syn karriêre as bestjoerder as wethâlder yn Ljouwert.

(advertinsje)