Plysje siket kuierders dy't mear witte oer oanriding trein Ljouwert

17 jan 2019 - 16:28

De plysje is op syk nei twa kuierders dy't ôfrûne freedtejûn de botsing tusken de trein en de frachtwein op it terrein fan FrieslandCampina yn Ljouwert meimakke hawwe. Sy kinne mooglik mear fertelle oer wat der foarige wike krekt barde.

Foto: CAMJO media

Ek twa automobilisten dy't freedtejûn by it terrein wiene, witte mooglik mear fan it ûngelok. By de botsing tusken de trein en de frachtwein rekken seis minsken ferwûne, wêrûnder de masinist en de sjauffeur fan de frachtwein.

Neffens de plysje wie de sjauffeur fan de frachtwein op syk nei it plak om te laden en te lossen. Dêrby sette er syn frachtwein stil op de spoaroergong. Doe't letter seach dat de trein deroan kaam, besocht er noch werom te rinnen. It slagge lykwols net de frachtwein noch fan it spoar te riden. Op in filmke dat woansdei op ynternet sirkulearre, is dat te sjen.

Skuldfraach

De sjauffeur út it bûtenlân is troch de plysje heard as fertochte. De plysje is op it stuit mei de offisier fan justysje yn oerlis om te bepalen fan hokker strafber feit de sjauffeur krekt fertocht wurdt. "Het gaat dan vooral om de schuldvraag", seit in wurdfierder fan de plysje.

Trefwurden: 
plysje Ljouwert trein oanriding
(Advertinsje)
(Advertinsje)