Fuortbestean It Koartling Bûtenpost bedrige troch koartsjen subsydzje

It bestjoer fan sosjaal-kultureel sintrum It Koartling yn Bûtenpost makket him grutte soargen oer it fuortbestean, no't de gemeente Achtkarspelen oankundige hat dat de subsydzje mei in tredde fermindere wurdt. Neffens it bestjoer is dit te min en komt der op dizze wize in ein oan it hast 50 jier âlde sintrum.
Baarch © Shutterstock.com
Neffens it bestjoer seit de polityk hieltyd wol dat sosjaal-kulturele organisaasjes belangryk wurk foar de mienskip dogge, mar wurdt der sûnt de jierren tachtich besunige op de subsydzjes foar It Koartling.
Ek foar de ferbouwing dy't yn 2017 begûn, hat de gemeente gjin sint oer. Gefolch is dat der hieltyd mear druk op de frijwilligers komt te lizzen. It bestjoer is fan miening dat de ynwenners en de polityk no oan de beurt binne om sluting te kearen.
Hink Speulman fan It Koartling