FIDEO: Caravana ferwachtet 45.000 besikers te ferwolkomjen

Foar kampearleafhawwers is de Caravana de kommende dagen wer de 'place to be'. De campingbeurs wurdt oant en mei tiisdei 22 jannewaris yn it WTC Expo yn Ljouwert hâlden.
Caravana 2019
De organisaasje ferwachtet sa'n 45.000 besikers te ferwolkomjen. Dat oantal kaam ferline jier ek op de beurs ôf. Doe luts it evenemint 2.000 besikers minder as yn 2017.
Op de Caravana stean 400 eksposanten mei campers, caravans en allegear oare saken dy't mei kampearjen te meitsjen ha. Sa binne der ek foartinten, optearweinen en in grut ferskaat oan kampearspullen te finen.