PietCast #16 Hoe komt it mei de winter?

17 jan 2019 - 15:00

It waar is ien fan de ûnderwerpen dêr't it measte oer praat wurdt. Foar de minsken dy't ynteressearre binne yn mear as allinne de foarsizzing foar de kommende dagen, is der de PietCast. In podcast mei waarman Piet Paulusma en presintator Wim Brons.

Foto: J. Stoelwinder / Omrop Fryslân

PietCast 16

Komt dy winter dan no einliks? Foar it wykein binne de ferwachtingen aardich ûnder 0 nachts. Mar dan? Set it troch?

Wim Brons praat yn de jannewarisedysje fan Omrop Fryslâns PietCast mei Piet Paulusma oer de achtergrûnen.

De PietCast is te finen yn iTunes. Of yn dyn eigen favorite podcastprogramma fia RSS. Alles oer it waar is fansels te finen op Omropfryslan.nl/waar.

(Advertinsje)
(Advertinsje)