"Bellers nei selsmoardprevinsje 113 moatte ek yn it Frysk antwurd krije"

De telefoan fan de selsmoardprevinsje soe ek yn it Frysk beäntwurde wurde moatte. Dat sei Frans Haenen fan GGD Fryslân tongersdeitemoarn by de útrikking fan de Fryske Radio Reklamepriis. De GGD wûn de priis mei in reklamespot dy't yn it Frysk it alarmnûmer 113 Zelfmoordpreventie ûnder de oandacht bringt. Neffens Haenen is dy spot hiel goed oanslein troch it gebrûk fan it Frysk.
De priiswinners en de organisaasje achter de reklamepriis gean op de foto © Omrop Fryslân, Wytse Vellinga
De reklamespot fan de GGD foar 113
"De Fries werd nu in zijn eigen taal aangesproken over een onderwerp dat natuurlijk best gevoelig ligt. Daardoor komt het veel meer binnen, ga je er over nadenken en ga je er met mensen over praten", seit Haenen.
Nei oanlieding fan de spot kamen der mear minsken ôf op de spesjale ynformaasjegearkomsten dy't de GGD ein ferline jier opset hie. Oft der ek echt mear minsken nei 113 belle hawwe, is net bekend. Mar dy kâns is grut neffens Haenen. Minsken dy't belje, wurde lykwols yn it Nederlânsk oansprutsen.
"Deze prijs en bijeenkomst geeft ook aanleiding om na te denken over of dat niet anders moet", sa seit Haenen. "Ik ben nu in elk geval geprikkeld, om te bekijken of er voor Friesland niet een aparte oplossing te bedenken is."
"113 moat ek yn it Frysk"
Siem de Vlas fan de Ried fan de Fryske Beweging is wiis mei de wurden fan Haenen. De Ried is al jierren dwaande om ûnder oare it brûken fan de Fryske taal yn de reklamewrâld te stimulearjen, mar maklik giet dat net. "Sadree't je de memmetaal hearre, harkje je skerper as wannear't dat yn it Nederlânsk bart. It rekket je folle mear." En dat jildt neffens de Ried net allinnich foar ynstânsjes mei sa'n boadskip as de GGD oer selsdeading, mar ek foar gewoane bedriuwen dy't wat besykje te ferkeapjen.
© Omrop Fryslân, Wytse Vellinga
Dochs liket it noch altyd dreech om bedriuwen sa fier te krijen dat se reklame yn it Frysk meitsje. Yn 2018 waard mar 8 persint fan de reklame yn de Fryske taal makke. "Mar der sit wer in opgeande line yn", seit De Vlas. "Yn 2015 wie it ek al 8 persint, mar yn 2016 wie dat weromgien nei 6,5 persint en no sitte we wer op 8. It is noch altyd net in soad, mar we moatte oanhâlde as storein en dan komt it fansels."
Mear reklames yn it Frysk nedich