Kelder eardere biblioteek Ljouwert fol wetter nei breuk lieding

17 jan 2019 - 14:09

Troch in kapotte wetterlieding is der in soad wetter yn de kelder fan de eardere biblioteek oan it Beursplein yn Ljouwert bedarre.

It gebou wurdt ferboud en geskikt makke foar de Kampus Fryslân, in dependânse fan de Ryksuniversiteit Grins. De lieding soe ûnder it wurk rekke wêze.

Wetterliedingbedriuw Vitens is frege om de lieding sa as mooglik ôf te sluten om fierdere skea foar te kommen. De brânwacht is ynset om de kelder leech te pompen.

Foto: Nick den Boer
(advertinsje)
(advertinsje)