Cambuur makket him op foar Helmond Sport, Booy dwaande mei oanfallende fersterkingen

17 jan 2019 - 13:52

Cambuur makket him op foar de útwedstriid freed tsjin Helmond Sport. De Ljouwerters hawwe in hast folslein fitte seleksje. Allinnich Robin Maulun ûntbrekt troch in lichte ankelblessuere. Syn ferfanger wurdt Kevin van Kippersluis.

Foto: www.orange-pictures.nl

Fierder feroaret trainer René Hake neat oan de opstelling. Cambuur iepene de twadde kompetysjehelte ferline wike mei in spektakulêre wedstriid tsjin Sparta. Hake: "Als wij hetzelfde brengen tegen Helmond Sport, dan kunnen we de wedstrijd winnen. We moeten die dingen doen die we afspreken. Doen we dat, dan worden we als groep stabieler."

Helmond Sport is de nûmer 17 fan de Keuken Kampioen Divisie. De Brabanners hawwe oant no ta mar twa kear wûn en tsien kear lyk spile.

Jones

Cambuur wol yn de transferperioade, dy't rint oant 1 febrewaris, noch twa oanfallende spilers oanlûke. Ien dêrfan is Matias Jones. Hy komt oarspronklik út Uruguay, hat ek spile foar FC Grins, mar sit op dit stuit sûnder klup.

Der hingje noch in oantal formaliteiten fêst oan de mooglike komst fan Jones nei Cambuur. Hy is troud mei in Nederlânske frou, wennet hjir ek en hopet op dy wize in wurkfergunning te krijen. As dat slagget, dan kin hy in kontrakt tekenje by Cambuur. Technysk manager fan Cambuur Foeke Booy hat "een goed gevoel" oer Jones, dy't noch altyd meitraint by de Ljouwerters.

Jones op syn beurt toant him tankber dat Cambuur safolle yn it wurk stelt om alles foar him te regeljen. Beide partijen hoopje dat de Immigratie en Naturalisatie Dienst (IND) fluch in wurkfergunning ôfjaan kin.

Trije spilers meie fuort

Justin Mathieu, Omar El Baad en Mathias Schils stean op it punt Cambuur te ferlitten. Mathieu sit op dit stuit by de Hongaarske klup Debrecen. Neffens Booy wit dy klup presys wat Cambuur hawwe wol foar Mathieu. De spiler komt freedtejûn wer werom út Hongarije en de ferwachting is dat alle partijen der begjin takom wike wol út komme sille. Omar El Baad rint staazje by Palanga yn Litouwen. Foar Mathias Schils is oan't no ta gjin klup yn byld.

(advertinsje)
(advertinsje)