Stijn Schaars: "Als het aan mij ligt, speel ik tegen Ajax"

17 jan 2019 - 12:41

Foar SC Hearrenfean set snein de twadde kompetysjehelte útein mei in útwedstriid tsjin Ajax. Fjouwer dagen letter moat de ploech fan Jan Olde Riekerink opnij nei Amsterdam, dan spylje beide ploegen tsjin inoar foar de beker.

Stijn Schaars - Foto: Orange-pictures.nl

Middenfjilders Ben Rienstra en Yuki Kobayashi binne beide wedstriden skorst en ek Morten Thorsby is net beskikber. Thorsby is troch de direksje werom set nei de beloften, omdat hy sûnder tastimming de earste twa trainingen oerslein hat. Thorsby wie op dat stuit yn Italië om mei Sampdoria te ûnderhanneljen oer in transfer. Dan bliuwe der net in soad middenfjilders oer.

Stijn Schaars

Goed nijs is wol dat Stijn Schaars wer beskikber is. "Als het aan mij ligt, dan speel ik tegen Ajax." Njoggen moannen nei syn blessuere is Schaars wer hielendal fit. De 24-fâldich ynternasjonal rûn begjin april by in training in swiere blessuere op. Hy bruts sawol syn kût- as skynbonke. Schaars hat him wol soargen makke oft hy wer op syn âlde nivo komme soe. "Ik heb geen ervaring met een dubbele beenbreuk, dus dat schiet wel even door je hoofd. Ik ben tenslotte ook al 34 jaar, maar ik ben gaan revalideren, altijd met het idee dat ik terug op het veld zou komen. "

Ek al sit Olde Riekerink krap yn de middenfjilders, hy hâldt noch wol in slach om 'e earm oft hy in basisplak ynromme sil foar Stijn Schaars. "We evalueren na elke training hoe Stijn zich voelt. Gezondheid is voor mij belangrijker dan dat we hem per se moeten brengen. Ook Stijn moet wel wedstrijdfit zijn."

Ajax makket yndruk

Ajax is de nûmer twa fan de kompetysje en makket foaral yndruk yn 'e Champions League. Dochs ha de Amsterdammers neffens Olde Riekerink ek swakke punten. "Ze vallen vaak met veel mensen aan, daar ligt ook hun kracht. Met veel kracht en dynamiek over de zijkanten en veel beweging voor het doel. Maar als je met veel mensen voorin bent, dan zijn er altijd wat minder achter. We gaan er niet heen om zo min mogelijk doelpunten tegen te krijgen, maar om minimaal een punt te halen", sa beslút de Hearrenfeantrainer.

Ferwachte opstelling:

Hahn; Floranus, Hoegh, Pierie, Woudenberg; Schaars, Bruijn, Vlap; Van Bergen, Lammers en Zeneli.

(advertinsje)