Der op of der ûnder foar Sintrale As

09 nov 2011 - 07:27

Woansdei is in spannende dei foar de regio Noardeast-Fryslân. Want dan wurdt dúdlik oft de Sintrale As der wol of net komt.

Om 10.15 oere docht de Ried fan Steat útspraak oer de nije ferbiningsdyk tusken Dokkum en Nyegea. De provinsje Fryslân wol dat de nije dyk fan 250 miljoen euro der komme sil. It Fryske Gea en in groep omwenners binne tsjin de plannen yn ferset kommen. Se fine dat der better ûndersyk dien wurde moat nei de ferkearsprognoazes.

Trefwurden: 
Sintrale As
(advertinsje)