Weststellingwerf kritysk, mar kin gaswinning by Reade Doarp net tsjinhâlde

17 jan 2019 - 11:38

It kolleezje fan Weststellingwerf sit mei twa oanfragen foar gaswinning binnen har gemeentegrinzen yn 'e mage. Gaswinbedriuw Vermilion wol de put by it buorskip Reade Doarp by Noardwâlde weriepenje en ek nei gas boarje by De Blesse.

Foto: Lourens Looijenga

It kolleezje is kritysk oer it weriepenjen fan de put by Reade Doarp, dy't oant 2004 yn gebrûk wie, mar hat der dochs mei ynstimd. It sjocht gjin mooglikheden om de oanfraach te kearen, om't it binnen it bestimmingsplan past. De gaswinning leit gefoelich, want yn novimber 2009 hat der in ierdbeving yn it gebiet west. Dy waard feroarsake trochdat der wetter yn de âlde gaswinput pompt waard.

De gemeente sjocht wol mooglikheden om de oanfraach foar in gaswinplan by De Blesse te kearen. Neffens ûndersyksynstitút TNO is de kâns op ierdbevingen dêr 42 prosint. Vermilion is it net iens mei de berekkeningen fan TNO, mar Weststellingwerf neamt it persintaazje "ûnakseptabel heech".

Fierders wol de gemeente witte hoe't it sit mei it winnen fan gas troch Vermilion yn de moannen augustus en septimber fan ferline jier, om't it winningsplan al yn 2016 ophâlden wie.

(Advertinsje)
(Advertinsje)