Man (50) dea nei ynsidint mei plysje yn Nijhoarne

17 jan 2019 - 11:33

By in ynsidint op de Schoterlandsewei yn Nijhoarne is tongersdeitemoarn de ynsittende fan in auto ferstoarn. De plysje waard warskôge dat der sprake wie fan in akute situaasje wêrby't in man help nedich hie. De plysje sei letter dat de 50-jierrige man selsmoard pleegje woe.

Man dea nei ynsidint mei plysje yn Nijhoarne

"De collega's kregen een melding om met spoed naar een adres in Nieuwehorne moesten, want daar was iemand die zichzelf van het leven wilde beroven", fertelt Bart Gehasse, teamsjef plysje Súdeast-Fryslân. Dêrnei gie it mis.

Op it momint dat de plysjes oankamen en mei de man yn de auto yn petear woene, joech de man gas en ried op de plysje yn. Ien fan de plysjes waard oerriden troch de auto. Der ûntstie neffens de plysje in situaasje wêrtroch't it needsaaklik wie om te sjitten.

Man dea nei ynsidint mei plysje yn Nijhoarne

De auto kaam tsjin in gebou ta stilstân en fleach yn de brân. De bestjoerder wie ferwûne. De plysjes ha noch help ferliend, mar koene net foarkomme dat de man ferstoar.

De helptsjinsten rieden manmachtich út, derby is ek in traumahely ynset. De ferwûne plysjeman is nei it sikehûs brocht. Nei behanneling mocht hy it sikehûs wer ferlitte.

Foto: Jaring Rispens

De plysje siket út wat der krekt bard is. Gehasse: "Het was bekend dat er problemen rondom deze persoon speelden, maar hoe het precies zat gaan we helemaal onderzoeken."

It is in komplekse situaasje. De resjerzje fan de plysje docht ûndersyk nei it ynsidint, mar om't der ek sketten is sil ek de Ryksresjerzje ûndersyk dwaan.

De plysjewurdfierder en ferslachjouwer Hayo Bootsma oer it ynsidint

Ha jo problemen en ha jo help nedich? Dan kinne jo kontakt opnimme mei Stichting 113 Zelfmoordpreventie. It nûmer is 0900-0113 (24/7 berikber) of sjoch op www.113.nl.

(Advertinsje)
(Advertinsje)