Douwe de Vries foar massastart nei WK ôfstannen, Arjan Stroetinga net: "Ik snap der neat fan"

17 jan 2019 - 10:59

Douwe de Vries is foar de massa-start selektearre foar it WK ôfstannen yn Inzell. De Vries wûn yn desimber it Nederlânsk kampioenskip en mei no tegearre mei ploechgenoat Chris Huizinga meidwaan.

Douwe de Vries - Foto: www.orange-pictures.nl

Bûnscoach Jan Coopmans hat dat oan de riders bekendmakke. Marcel Bosker is reserve. De 21-jierrige Huizinga en de 36-jierrige De Vries hiene harren beiden net pleatst foar it WK op de yndividuele ôfstannen. Jorrit Bergsma hie earder al oanjûn dat hy net meidocht oan de massastart.

Arjan Stroetinga falt bûten de boat. Stroetinga waard dit jier foar de sânde kear Nederlânsk kampioen op de maraton en foel yn de lêste bocht by it NK op de massastart.

Arjan Stroetinga - Foto: www.orange-pictures.nl

Ik hie hope dat de nije bûnscoach wat mear ballen hawwe soe.

Arjan Stroetinga

Stroetinga seach de beslissing wol oankommen. "Ik hie al in fermoeden. Ik snap der neat fan. Blykber hoege je as lid fan Team Jumbo Visma amper wedstriden te riden om selektearre te wurden. Ik hie hope dat de nije bûnscoach wat mear ballen hawwe soe. Mar helaas."

Stroetinga oerwaget foar dit seizoen ek op te hâlden mei de massastart. "It hat nammentlik gjin sin. Ik win hast alles, mar wurd dochs net opnaam."

By de froulju binne Irene Schouten en Melissa Wijfje (Gewest Fryslân) selektearre. Marijke Groenewoud fan Hallum is reserve.

Wol ferwachte

Douwe de Vries hie wol in bytsje ferwachte dat hy selektearre wurde soe. "Ik ha twa seleksjewedstriden riden, ien kear wûn en ien kear twadde. Dan moat it wol raar rinne wol de bûnscoach my net selektearje." De Vries wit net krekt wêrom't Jorrit Bergsma net meidocht. "Mar ik hie graach mei him riden. Dan ha je twa sterke oanfallers, want yn de sprint winne fan Seung-hoon Lee is net sa maklik. Mar no mei Chris is it krekt sa moai."

(Advertinsje)
(Advertinsje)