Tal WW-útkearingen yn Fryslân is mei 23 persint ôfnommen
It tal WW-útkearingen yn Fryslân is ferline jier mei 23 persint ôfnommen. De wurkleazens naam yn alle sektoaren ôf. Yn totaal krije no noch 10.597 minsken in WW-útkearing yn Fryslân.
Troch de oanhâldende heechkonjunktuer wurde der minder faak minsken ûntslein en ek minsken dy't wurk sykje fine flugger in baan. Foaral 50-plussers fûnen in baan. Yn Fryslân leit dit persintaazje heger as lanlik.
Dit hat foaral te krijen mei de dynamyk fan de Fryske arbeidsmerk. Minsken fine yn ús provinsje earder wurk mar ferlieze ek earder harren baan troch it seizoenskarakter fan de Fryske arbeidsmerk.
Trefwurden:
WW-útkearingen