Dizze Friezen steane op de nije coldcasekalinder

17 jan 2019 - 08:25

Twa Friezen stean op de nije coldcasekalinder fan 2019 dy't tongersdei útkaam is. It giet om de yn 2014 fermiste maresjaussee Sicco Cuperus fan Ljouwert en Simone de Laat dy't op 4 desimber 1989 dea fûn is yn har hûs yn Ferwert.

Foto: plysje

"It binne saken wêr't wy echt wol wat tips foar brûke kinne", seit Ria van der Veen, sjef fan it coldcaseteam Noard-Nederlân. It is de tredde kear dat de kalinder troch de plysje ferspraat wurdt by finzenissen en de reklassearring.

121 tips binnen krigen

By it coldcaseteam Noord-Nederland binne yn de ôfrûne twa jier troch de kalinder 121 tips binnenkaam by de plysje. Ria van der Veen is no al fiif jier sjef fan it coldcaseteam Noard-Nederlân en seit dat de kalinder wichtich is foar har wurk. "Der komme troch de kalinder in soad tips binnen. Net alle tips kinne wy wat mei, mar it is moai meinaam."

In cold case is in ûnoploste moard, fermissing of earnstich delikt dêr't in minimale finzenisstraf fan 12 jier op stiet. Yn it coldcaseteam fan Noard-Nederlân wurkje 12 minsken oan 31 delikten dy't yn Fryslân, Grins en Drinte dien binne. Yn hiel Nederlân binne op dit stuit sa'n 1.500 cold cases.

Sicco Cuperus

De Ljouwerter Sicco-Jan Cuperus rekke op pinkstermoandei 9 juny 2014 fermist. Syn kollega's besochten him te beljen om't er net op syn wurk oankaam wie, mar hy naam net op. Yn syn hûs stie de telefyzje noch oan en lei syn telefoan oan de lader. Sicco syn auto wie wol fuort, dy waard in pear dagen letter yn Marrum oantroffen. Trije moanne letter kaam syn fermissing yn it programma Vermist, dat smiet 7 tips op, mar fierder binne der nea echte oanknopingspunten fûn om it mystearje op te lossen.

Foto: Omrop Fryslân

Simone de Laat

Yn de nacht fan 3 op 4 desimber yn 1989 is de 30-jierrige Simone de Laat by har thús fermoarde. Se is ferwûne oan har holle en der binne oanwizingen dat se stikt is troch in kessen. Se wie thús mei har jongste soantsje yn Ferwert.

Har âldste soantsje wie op dat stuit net thús en har partner en bern wennen op in oar plak. Undersyk wie sûnder resultaat, mar yn 2004 waard de saak op 'e nij iepene troch de Fryske plysje. Tsientallen tsjûgen wurde heard, mar it smiet wer neat op. Ek de útstjoering fan Peter R. de Vries yn 2007 dêr't hy mei moarddeskundigen út it binnen- en bûtenlân yn prate, hat oant no ta noch neat opsmiten.

Foto: Omrop Fryslân

Oare Fryske saken fan de coldcasekalinders fan 2017 en 2018

Ha jo tips? Dan kinne jo maile nei coldcase@politie.nl of belje mei 0800-6070. Anonym kin ek, dan kinne jo belje mei Meld Misdaad Anoniem op 0800-7000.

(advertinsje)
(advertinsje)