It doek is definityf fallen foar jildtransporteur SecurCash

17 jan 2019 - 07:47

It doek is definityf fallen foar jildtransporteur SecurCash Nederland en SecurCash Geldverwerking. In trochstart fan it bedriuw, mei in fêstiging yn Drachten, is neffens de kuratoaren net mooglik.

Kassajild - Foto: Shutterstock.com

SecurCash hie lêst fan konkurrinsje en lege marzjes. De problemen waarden echt grut nei't eigener Diebold Nixdorf oanjoech dat sy net langer de ferliezen mei in it finansierjen fan de skuld tichtsje woe.

Begjin jannewaris waard it bedriuw fallyt ferklearre en is der ûntslach oanfrege foar de 160 meiwurkers, wêrfan't 40 yn Drachten wurkje. De aktiviteiten fan it bedriuw wurde no stadichoan ôfboud. De kuratoaren advisearje klanten om kontrakten mei oare jildferfierders ôf te sluten.

Trefwurden: 
SecurCash
(Advertinsje)
(Advertinsje)